Wa wol mei de gemeente Hearrenfean nei it demokrasyfestival?

18 jul 2019 - 10:37

De gemeente Hearrenfean is op syk nei minsken dy't mei wolle nei it demokrasyfestival yn Nijmegen. Elkenien dy't wol, kin mei. Neffens de gemeente is it in folslein fersoarge dei.

Stimme - Foto: Shutterstock.com

Boargemaster Tjeerd van der Zwan hopet dat der in soad minsken mei wolle. "Om elkaar te inspireren en nieuwe vormen van democratie een kans te geven." Yn Nijmegen sil ûnder oare praat wurde oer sûnenssoarch, ûnderwiis en jeugd, wurk en ynkommen en mienskip.

Under oare Hugo Borst, Annemarie van Gaal en minister Kajsa Ollongren sille op 31 augustus meidwaan oan it festival. Dêrnjonken binne der workshops, sportclinics en teäter.

Oanmelde kin fia de site fan de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)