Ungelok mei twa frachtauto's op de Ofslútdyk

18 jul 2019 - 10:14

Op de Ofslútdyk binne tongersdeitemoarn by Koarnwertersân twa frachtauto's mei-inoar yn botsing kaam.

Foto: SR Fotografie

Ien fan de bestjoerders kaam by it ûngelok klem te sitten yn de kabine en moast der troch de brânwacht út helle wurde. Foar de helpferliening waard ek in traumahelikopter oproppen. Hoe't it krekt mei de bestjoerders is, is net bekend. Dat jildt ek foar de oarsaak fan it ûngelok.

It ferkear hat in skoft lêst hân fan it ûngelok, dy hinder is yntusken foarby.

(Advertinsje)
(Advertinsje)