Yndustry yn Fryslân komt minsken tekoart

18 jul 2019 - 09:42

Wurkjouwers yn de yndustry hawwe yn Fryslân te krijen mei personielstekoarten. Dat docht bliken út sifers fan de UWV. It giet dan om monteurs fan yndustriële masines, elektriciens en ynstallateurs.

In monteur oan it wurk yn in autogaraazje - Foto: Shutterstock.com

Yn it twadde fearnsjier fan 2019 hie hast 20 prosint fan de wurkjouwers yn de yndustry problemen om't se te min wurknimmers fine koene. De tekoarten sitte yn ferskate beroppen en op allerhande nivo's. Marieke Schram fan it UWV: "Dat zijn met name de technische vacatures, waar één op de vijf werkgevers aangeeft dat ze moeite hebben die te vullen."

De yndustry is in wichtige sektor yn Fryslân. Nei de soarch is it de sektor mei de measte banen yn ús provinsje. Nettsjinsteande de robotisearring bliuwt der dus in grutte fraach nei personiel. As it tekoart langer duorret, kin dat grutte problemen opsmite foar wurkjouwers, tinkt it UWV: "Dat kan betekenen dat werkgevers op de langere termijn productieproblemen kunnen ervaren."

WW-útkearingen

Troch de goeie ekonomy, en de groei yn it tal banen is de wurkgelegenheid tanaam, en it tal útkearingen oan minsken mei technyske beroppen ôfnaam. It totale tal WW-útkearingen yn Fryslân is ek ôfnaam. Ein juny hie Fryslân 9.310 minsken mei in WW-útkearing. Dat is hast 20 prosint minder as ferline jier.

Dochs is it net oeral feest. Minsken mei in administrative eftergrûn hawwe it neffens it UWV it dreechst om wer in baan te finen. "En ook in de zorg, als je net niet het MBO-4 niveau hebt."

Marieke Schram fan it UWV

Trefwurden: 
UWV wurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)