Mûze-oerlêst nimt ek ta yn wenhûzen en by winkels en restaurants

Net allinnich boeren hawwe lêst fan it grutte tal mûzen yn Fryslân. Ek by partikulieren en oare bedriuwen, lykas bakkers, restaurants en supermerken dûke de bistjes geregeld op. Dat seit Frans Koolstra fan de Noord-Nederlandse Bestrijdingsdienst yn Lekkum.
Mûze-oerlêst nimt ek ta yn wenhûzen en by winkels en restaurants
Bedriuwen lykas bakkers en winkels dy't iten ferkeapje, meie gjin mûzen hawwe. Dêrom wurdt der fuortendaliks yngrypt, as der in mûs sinjalearre wurdt. Mar ek minsken dy't thús lêst hawwe fan mûzen yn wenhuzen, dogge hieltyd faker in berop op mûzebestriders. Minsken dy't profesjonele help ynroppe dogge dat faak as se de oerlêst sels net mear de baas kinne. Yn guon gefallen hawwe de minsken dan al tsientallen mûzen yn hûs.
Dat kin ek gau, want ien mûzepearke kin yn in jier tiid wol 150 lytse mûskes produsearje. Neffens mûzebestriders Koolstra binne de mylde winters fan de lêste jierren in wichtige oarsaak fan de taname fan it tal mûzen. Koolstra advisearret de minsken om net te lang te wachtsjen mei it ynroppen fan help.
By minsken mei mar in pear mûzen kinne in pear stevige mûzefallen al genôch wêze om it probleem op te lossen. As it der mear binne, wurdt gau mûzefergif ynset. Fierders advisearret Koolstra de minsken altyd om earst te wurkjen oan de oarsaak fan de pleach, troch alle mûzegatsjes yn hûs ûnder doarren en by fentilaasjeroasters goed ticht te meitsjen.
Op fakânsje gean sit der foarearst net yn foar Koolstra en syn kollega's. "It is no echt ûngetiid foar ús, want de wepsenêsten komme ek opsetten. We moatte fan 't hjerst mar sjen oft we dan noch fuort kinne."
Frans Koolstra mei in mûzefal © Omrop Fryslân
Mûzebestrider Frans Koolstra fan Lekkum