Kollum: "Rêchbonke"

"Al in moanne lyn hearde ik him op 'e radio, en tiisdei stie der in stik oer him yn De Volkskrante. As ik Google News leauwe mei dan is er al in pear wiken yn 'e media. Ik neam syn namme net, en ik lis dalik út wêrom.
© Omrop Fryslân
It giet om in studint fan 21 jier, dy't foar noch gjin fyftich euro hiel Europa troch flein is, kriskras nei sân stêden yn seis dagen. Yn in fleantúch dus. Fansels sjogge je mei sa'n reisskema neat fan dizze stêden, en dêr gie it de studint ek hielendal net om. Sterker noch, hy fleach nei stêden wêrfan't hy it bestean net iens wist, sa-as Zadar yn Kroäsië, en - alwer neffens Google - it sjocht der prachtich út, sa oan 'e Adriatyske see, mar de studint hat it fansels hielendal net sjoen, want hy moast wer fierder fleane.
Hy krige it foarinoar troch wat handich mei flecht-sykmasines op it ynternet te griemen. Dêr hat er no in systeem foar makke en dat is de ferklearring foar wat oars dat my opfoel oan de media-optredens fan dizze studint. Nammentlik dat hy him nearne útliet oer oft goedkeap fleane no wol sa'n goed idee is. Oft we yn tiden fan klimaatferoaring der no echt foar kieze moatte om sa folle as mooglik op de meast CO2-útstjittende wize te reizgjen, en al hielendal binnen Europa, dêr't ek prima treinen ride, al binne dy noch hieltyd bespotlik djoer, om't de loftfeart subsidiearre wurdt as in gek. Sjoernalisten litte him der ek mei fuort komme, want ek yn De Volkskrante liket it as oft de fraach him nea steld is. It is ek net foar neat dat it ferhaal yn it Economie-katern stie.
Sterker noch, de iennichste fraach dy't wat persoanliker wie, giet oer de publisiteit dy't der rûn de studint is. Undernimmers benaderen him. Hy krige sels in houliksoansyk. En om it ôf te meitsjen, sette De Volkskrante noch in listje by it stik, mei 'tips voor de gierige vlieger'. Us studint fynt it prachtich en hâldt syn bek oer moraliteit; op syn Facebookpagina set er alle media-oandacht foar syn stunt. Foar him is it publisiteit, want: hy hat syn systeem no yn in programmaatsje efter in website setten, en dy website is syn hanneltsje. Free publicity, mei tank oan 'e Nederlânse sjoernalistyk.
Woansdeitemoarn wie der op Radio 1 omtinken foar de ekonomyske misje fan Nederlân nei de VS; Rutte giet wer by Trump op besite. Undernimmers folgje yn syn spoar, en op Radio 1 waard in fraach oan dizze ûndernimmers steld oer de rasistyske uterings fan Trump. Moatte se dêr miskien wat mei? Ach nee, ja, der is altyd wol wat, seine de ûndernimmers, en der binne folle wichtigere saken. 'As wat?' skreaude ik nei myn radio, wichtigere saken as rasisme, neam se dan ris? Ghislaine Plag lake der mar wat om.
Nederlân is it lân fan de dûmny en de keapman, sa waard lang sein, en no tink ik net dat ik leaver mear dûmny's sjoen hie, mar allemachtich wat is de keapman grut wurden. En de sjoernalistyk skriuwt it laitsjend op, mei tips hoe't we it sels ek sa handich wurde kinne. We binne ynlibbingsfermogen kwytrekke, sa't we it ea al hân hawwe, want as it net oer ússels giet, och, wêrom soene we ús der dan drok oer meitsje. Der binne wichtigere saken. Krekt as kinne wy as Nederlanners wat feroarje. JA, hannelsmisje, JA, studint, dat kinne we, as we yn bytsje rêchbonke hawwe, dan kinne we stelling nimme. Yn it ramt fan in bettere wrâld. En dat hat neat te krijen mei in superieur wizend fingerke, dat hat te krijen mei in gewisse.
De studint is noch lang net klear mei syn mediatoernee, en mei syn bedriuw yn klimaatferneatigingssoftware. En om him net grutter te meitsjen as hy is, neam ik syn namme dus net. Wat ik al neam is de website carbonkiller.org, in organisaasje dy't CO2-rjochten foar bedriuwen opkeapet, en se wer útjout oan partikulieren dy't wat dwaan wolle oan harren eigen CO2-útstjit. De rjochten dy't opkocht binne, kinne net mear ynset wurde yn it bedriuwslibben. Ik hoopje op in grut sukses, sadat de keapmannen fan dizze wrâld it ris even fiele wat it betsjut om wol kloaten of titten te hawwen."