Eefkes byprate mei: Albert Visser fan it Lemster skûtsje

18 jul 2019 - 08:00

De simmerfakânsje is begûn, mar it echte fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas echt wannear't de skûtsjes oan de start stean fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Albert Visser fan it skûtsje fan De Lemmer.

Albert Visser - Foto: Martin de Jong

Albert Visser is sûnt 2014 skipper fan it skûtsje fan De Lemmer. Yn 2018 einige De Lemmer op it fjirde plak.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Hiel goed, mar dat hat altyd sa west. We hawwe dit jier wer wat nij bloed yn 'e ploech krigen en ek dat giet hartstikke bêst."

Hokker plak is neffens jim it moaist om te silen?
"De Snitser Mar, mar ek op 'e Lemmer. Op eigen thúswetter sile is altyd moai, want dan dochst it foar dyn eigen publyk en dat helpt altyd mei. En wy binne befoarrjochte, wy meie twa kear foar thúspublyk sile."

Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"We gean op deselde foet fierder as ôfrûne jier. We binne fjirde wurden yn it einklassemint, mar hawwe te min wedstriden wûn. As we dit jier ek wat wedstriden winne, kinne we samar earste wurde. Dit jier moatte we better út 'e startblokken, dat sille we dit jier dus wol oars dwaan."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Nee, hielendal neat. We hawwe allinnich in nije fok krigen."

Wat meie wy net fan jim witte?
"Meist alles fan ús witte."

Wat is it bêste iten om op te silen?
"Hinget fan it waar ôf, mar eins bin ik net sa'n iter foar de wedstriid. Hat miskien wol mei de senuwen te krijgen. Nei de wedstriid helje wy dat ryklik yn."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrinsje?
"Der binne in stik of seis, sân dy't goede kâns meitsje. Grou, Akkrum, It Hearrenfean, mar wy meitsje ek in goede kâns. Datselde jildt ek foar Ljouwert, Huzum en Earnewâld."

Wêrom sille jim dit jier winne?
"Om't wy better binne as in oar. We hawwe in goed skip en in goede bemanning, mar der binne mear kânshawwers foar de titel. As we goed sile, dan kinne wy winne. Al moat it ek wat meislagje."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2 FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)