Ealjebijbestridingsaksje einiget yn brân yn de spoumuorre

18 jul 2019 - 06:42

Yn in wenning oan de Burdaarderstrjitwei yn Dokkum is woansdeitejûn brân ûntstien nei't de bewenner besocht in ealjebijnêst fuort te brânen. De brânwacht koe it fjoer bestride foar't it him útwreidzje koe.

Foto: De Vries Media

De bewenner fan it hûs besocht om in nêst fuort te brânen mei help fan deodorant en in oanstekker. De stekflam dy't dêrop folge sloech yn de spoumuorre, wêrnei't de isolaasjekerrels yn de brân fleagen.

De brânwacht bruts in diel fan de muorre fuort en koe de brân dêrnei blusse. Der rekke net ien ferwûne. De strjitte waard tydlik ôfsluten.

Trefwurden: 
brânwacht Dokkum ealjebijen
(Advertinsje)
(Advertinsje)