Nederlân keapet acht of njoggen ekstra F-35 strieljagers

18 jul 2019 - 06:17

Nederlân sil acht of njoggen ekstra F35-strieljagers keapje. Dat seit minister fan Definsje Ank Bijleveld yn in ynterview mei deiblêd Trouw. Op dizze wize wol se it grutste part fan de yn totaal 1,5 miljard euro besteegje dy't it kabinet yn de foarjiersnota útluts foar definsje.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It krekte tal strieljagers hinget ôf fan de koers fan de dollar op it momint fan it keapjen fan de tastellen. Ferline jier tsjinne it kabinet in plan yn by de NAVO wêryn't stiet hoe't Nederlân de kommende jierren har folsleine lân-, loft- en seemacht útwreidzje wol. In part dêrfan is in ekstra squadron fan fyftjin F-35 tastellen.

Njonken F-35 tastellen, wurdt in part fan de 1,5 miljard euro út de foarjiersnota brûkt foar bettere arbeidsbetingsten foar personiel, digitale oarlochsfiering en spesjale ienheden.

Trefwurden: 
fleanbasis JSF F-35
(advertinsje)
(advertinsje)