Marrit van der Wal ferpolveret fierljep-rêkor

Marrit van der Wal út It Heidenskip hat woansdei in nij Nederlânsk rekôr ljept by de fierljepwedstriid yn har wenplak. Se oerbrêge in ôfstân fan mar leafst 17.89 meter. It âlde rekôr (17.58 meter) stie sûnt 2016 ek op har namme. Mei 31 sintimeter sit se dêr no fier oerhinne.
NR Marrit van der Wal
Marrit van der Wal makke dit seizoen har rentree, nei 't se ferline jier in nije krúsbân krigen hat. It earste doel wie om foarsichtich wer te begjinnen en rêstich de tried wer op te pakken. It twadde doel wie om it skânsrekôr yn It Heidenskip te ferôverjen. Sûnt 2017 stiet dat op namme fan har Hollânkse konkurrint Dymphie Baas-van Rooijen mei 16.65 m. Dat slagge dus mei glâns.
Marrit van der Wal ferpulveret fierljep-rêkor
By de senioaren wûn Sytse Bokma yn de finale mei 19.77 meter, Nard Brandsma waard twadde mei 19.46 meter en Jan Teade Nauta tredde mei 18.61 meter. Bokma bliuwt klassemintslieder by de topklassers.
By de froulju waarden Anna-Jet Leyenaar en Sigrid Bokma twadde en tredde mei respektyflik 14.53 m en 13.86 m.
Marrit van der Wal © Martin de Jong
Wietse Nauta út Drylts wie de fierst ljeppende junior. Syn fierste sprong wie 18.31 meter. Twadde waard Minne Smit út Winsum mei in ôfstân fan 17.25 meter en tredde Jesper Demmer út Warkum (16.61 meter)
By de jonges wûn Rutger Haanstra út It Heidenskip (18.03 meter). Twadde waard Peter Faber út Oldehove yn Grinslân (16.63 meter) en tredde Jelte Folkertsma út Himmelum. Hy sprong in nij persoanlik rekôr fan 15.82 meter.
Femke Rispens út Niehove yn Grinslân wûn by de famkes. Har fierste sprong wie 14.30 meter. Twadde waard Pytrix Westra út Burgum (13.72 meter) en tredde Tirza Boschma út Drylts (13.57 meter).