Formaasje Van Zwieten wint frijeformaasjepartij yn Minnertsgea

17 jul 2019 - 21:35

Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra hawwe de frijeformaasjepartij fan Minnertsgea op harren namme skreaun. Yn de finale wienen sy mei 5-4 e n 6-2 te sterk foar Marten Bergsma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar.

Foto: Henk Bootsma

Van Zwieten en dy liken op in maklike oerwinning ôf te gean. Sy kamen yn de finale mei 4-1 foar. It partoer fan Bergsma kaam lykwols werom oant 4-4. It njoggende earst wie foar Van Zwieten en doe koenen sy de partij útmeitsje. It is de twadde seizoensoerwinning foar dizze formaasje.

Opfallend yn Minnertsgea wie it ferlies fan de topformaasje Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Sy ferlearen yn de earste omloop kânsleas mei 5-2 en 6-0 fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.

By de froulju wiene de krânsen yn Minnertsgea foar Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra. Sy wûnen yn de finale mei 5-3 en 6-6 fan de oare topformaasje, Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. De tredde priis by de froulju wie foar Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.

Trefwurden: 
keatsen Minnertsgea
(Advertinsje)
(Advertinsje)