Brân yn garaazje by wenning Nij Beets

17 jul 2019 - 21:22

Oan de Prikkewei yn Nij Beets hat woansdeitejûn brân west yn in garaazje by in wenhûs. Dêrby soe in man dy't dêr wenne, brânwûnen oan de holle oprûn hawwe. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Foto: Srfotografie

De brânwacht fan Beetstersweach wie der rap by en hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net bekend. De wei hat tydlik ôfsluten west yn ferbân mei de brân.

Trefwurden: 
brân Nij Beets
(advertinsje)
(advertinsje)