Drokte by Friese Ballonfeesten op De Jouwer: nei ferwachting 35 yn 'e loft

17 jul 2019 - 18:49

Organisator en ballonfarder Herman Kleinsmit ferwachtet dat woansdei alle 35 ballonnen de loft yn kinne boppe De Jouwer. Dêr binne fan woansdei ôf de 34e Friese Ballonfeesten. Neffens Kleinsmit is it op dit stuit al drokker op it terrein as dat it oare jierren wie by de start fan de feestlike dagen: "Normaal liep hier woensdag geen kip, maar moet je nu eens kijken. Nu is woensdag wel altijd de rustige dag, omdat veel mensen nog werken. Maar we verwachten vanavond zo'n 4.000 bezoekers en over de hele week zo'n 25.000 mensen."

Optocht troch de Midstrjitte mei de ballonne-auto's - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Kleinsmit: "We hebben acht specials klaar staan. Heel mooie die men nog niet eerder heeft gezien. Dat is bijzonder, want bij andere ballonevenementen in Nederland zie je er meestal hooguit twee of drie." Yn Nederlân meie mar 35 ballonnen tagelyk yn de loft litten wurde. Dat is neffens Kleinsmit al sa'n fjirtich jier sa. Hy is sels ek ballonfarder en wit dat dat yn oare lannen wolris oars is, somtiden wol hûnderten ballonnen.

Ferwachting: alle 35 de loft yn

Om 16.00 oere wie de Nutsbaan al iepen, mar de ballonnen sille om 19.30 hinne de loft yn. Dat is fansels ôfhinklik fan it waar. Dochs is Kleinsmit posityf: "De mensen zien vanavond een wereld aan ballonnen. De wind zal wegvallen dus het wordt een schitterende dag." It is de bedoeling dat der jûn ek in tal special-shapes de loft yn geane: ûnder oare de motor en de holle fan Vincent van Gogh.

Yn de middei is der in karavaan troch De Jouwer nei de Nutsbaan ta riden. "Het stond zwart van de mensen, ook bij de Midstraat," seit Kleinsmit.

Minsken út de berms: yntree fuort

Op it Nutsbaanterrein is in soad te belibjen. Woansdeitejûn is der ek live-muzyk. "We willen gewoon dat mensen hier komen: lekker zitten, biertje drinken," jout Kleinsmit oan. De ôfrûne tiid hat syn organisaasje goed kampanje fierd om minsken út de berms wei nei it terrein te heljen.

Earder wie der yntree, mar dit jier kinne minsken fergees de baan op. Inkeld it parkearen kostet noch in bytsje. "We hebben vele nieuwe dingen bedacht in november. Er is een nieuw bestuur en we hebben direct gezegd: vrij entree. Ik vlieg als ballonvaarder de hele wereld over en overal is er gratis entree." Dat soks no kin is te tankjen oan sponsoaren.

Kleinsmit wurdt suver emosjoneel: "Ik verdien er geen stuiver aan, het kost me alleen maar geld. Maar ik wil het meemaken, we zetten ons voor de gemeente en voor Fryslân in. Dat wordt gewaardeerd."

Organisator Herman Kleinsmit fan de Friese Ballonfeesten op 'e Jouwer

(advertinsje)