Dosint makket stambeam foar syn klasse: alle Friezen famylje fan inoar

17 jul 2019 - 17:45

Wybo Palstra wurket as dosint op it Leeuwarder Lyceum, mar is ek al jierren dwaande mei famylje-ûndersyk. Dat dogge wol mear minsken, mar Palstra brûkt syn ûndersyk no ek yn syn lessen foar 4-VWO. Neffens him binne nammentlik alle Friezen famylje fan inoar. En dat is foar syn learlingen tige nijsgjirrich, want Palstra besiket dat te bewizen.

Foto: Collectie Rijksmuseum

"Alle Friezen zijn familie van elkaar, het is alleen de vraag waar precies," seit Palstra. "Als je bestand maar groot genoeg is en je alle verbanden kent, dan kun je ze gewoon eruit halen. Maar het is natuurlijk heel veel werk."

Dochs hat hy it wol besocht, yn elts gefal foar syn learlingen. Hy hat dêr in hiel boekwurk fan makke. "Ik heb een aantal hele leuke relaties gevonden bij leerlingen die naast elkaar in een bankje zitten, en bijvoorbeeld omstreeks 1850 een voorouder deelden. Daar hadden ze geen weet van."

Eltsenien is famylje

Palstra: "Ik weet de getallen niet precies, maar ik meende dat in Friesland omstreeks 1750 zo'n 40 tot 50.000 huishoudens woonden. Nu zijn dat veel meer Friezen, maar die moeten natuurlijk wel ergens vandaan komen. Ze komen na verloop van tijd allemaal voort uit één bronpopulatie."

Elts persoan hat 2 âlden, 4 pakes en beppes, 8 oerpakes en -beppes, 16 betoerpakes en -beppes, ensafierder. Mei de generaasje ferdûbelet it tal foarâlden. Nei fjirtich generaasjes soe in minsk al in biljoen foarâlden hawwe moatte. Mar dat is folle mear as de wrâldbefolking yn dy tiid, it tal minsken nimt ôf ast werom yn de tiid giest. It is dus ûnmooglik dat it ferskillende minsken wiene.

Dat betsjut dat der yn de rin fan de iuwen faak tusken famyljeleden troud is, ek al wie it mar hiel fier famylje. Dat hjit 'kwartierherhaling', persoanen komme op meardere plakken yn in stambeam werom. In foarfaar is bygelyks fia de heit syn kant, likegoed as fia de mem har kant in foarfaar.

Statistyske analyze seit sels dat der in momint yn de skiednis is dat eltsenien famylje fan inoar wurdt. Foar Europa soe dy mienskiplike foarfaar sa'n 1.000 jier lyn libbe hawwe en ûndersikers tinke dat de mienskiplike foarfaar fan eltsenien dy't op dit stuit libbet sa'n 3.000 jier lyn libbe.

Bekende Friezen

Palstra: "De meeste leerlingen in het boek hebben een verwantschap met elkaar, zeker de helft. En als ze dat niet hebben, dan hebben ze wel een verwantschap met Jorrit Bergsma, Wilfred Genee, André Kuipers. Een van de ouders wees mij erop dat Jack Lousma in de familie zat. Die kennen wij niet echt, maar dat is een astronaut uit de Verenigde Staten met Friese voorouders. Rintje Ritsma, Jan Ykema, Syb van der Ploeg. Allemaal banden met bekende Friezen."

Ek yn syn eigen famylje sjocht Palstra de konneksjes. "Mijn nichtje uit Amsterdam is half Surinaams, half Fries. En die heeft een leuke jongen ontmoet, maar ze delen toch een tolwachter uit Veenwouden omstreeks 1750."

In probleem is dat neffens Palstra lykwols net, want der is ek wer genôch nij bloed de provinsje binnen kaam yn de rin fan de jierren. Al nei tsien generaasjes neikommelingen is it ûnwierskynlik dat der noch in gen te finen is fan in foarfaar tsjien generaasjes lyn.

Dosint Wybo Palstra oer syn famylje-ûndersyk yn de klasse

Trefwurden: 
Friezen famylje genealogy
(advertinsje)