Untslaggen yn de berne-opfang

03 jul 2012 - 12:04

By SKL Kinderopvang yn Ljouwert krije fiif meiwurkers dien. De groepen by de SKL wurde grutter. De SKL skriuwt dit yn in brief oan de âlders. De SKL nimt dizze maatregels omdat der minder nije bern oanmeld wurde. Ek geane de bern minder faak nei de opfang ta. Alden meitsje minder gebrûk fan de berne-opfang omdat de opfang djoerder wurden is.

Berneopfang Kinderwoud op It Hearrenfean hat fergelykbere problemen. As der net mear bern oanmeld wurde krije ein dit jier ek by Kinderwoud meiwurkers dien. It giet dan om in stik as tsien.

By berne-opfang Timpaan hawwe al tsien meiwurkers dien krigen. Yn trochsneed is it tal oanmeldings fan bern tusken de 10 en 20 persint minder. Tydlike kontrakten wurde opsein en as de situaasje net feroaret driget ek ûntslach foar fêste meiwurkers.

Trefwurden: 
SKL berne-opfang ûntslaggen
(advertinsje)