De telefoan fêsthâlde yn in selsridende auto: mei dat, of net?

17 jul 2019 - 17:27

Binne jo sels noch bestjoerder fan de auto as jo yn in selsridende auto ride? En kinne je dan beboete wurde as je in mobile telefoan yn de hân hâlde? Oer dy fraach hat it gerjochtshôf yn Ljouwert him woansdeitemiddei bûgd.

It gerjochtshof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It giet om in heger berop, oanspand troch in man dy't in boete krige foar it beethâlden fan in telefoan yn in Tesla mei automatysk bestjoeringssysteem. Hy fynt dat hy de auto net sels bestjoerde.

Rjochter: ferbod jildt likegoed

Earder al oardiele de kantonrjochter yn Utrecht dat de man gjin gelyk hat. It ferbod op it beethâlden fan in mobyltsje jildt likegoed foar ien dy't yn in auto mei in 'autopilot' rydt, sa fûn de rjochter.

De Ljouwerter advokaat Tjalling van der Goot stie de man woansdeitemiddei by yn it heger berop. Neffens Van der Goot is it in prinsipiële kwestje fan syn kliïnt, dy fynt dat de polityk yn aksje komme moat.

Advokaat Tjalling van der Goot

"Der binne eins hielendal gjin regels foar. Dat is ien fan de punten fan krityk fan myn kliïnt", seit Van der Goot. "De wetjouwing giet net mei mei de technologyske foarútgong."

De wetjouwing oer it beethâlden fan telefoans yn 'e auto komt út 2002. "Dêrby stiet dat dejinge dy't in auto bestjoert, net perfoarst deselde hoecht te wêzen dy't bestjoerder is. Ik neamde hjoed in âld foarbyld fan de minister oer de rydynstrukteur."

Van der Goot: "De learling rydt en is dus de feitlike bestjoerder. De rydynstrukteur is de juridyske bestjoerder. In rydynstrukteur mei dus ek belje, wylst de auto rydt. En dat is nuver, om't hy lette moat op de learling, wach wêze moat op it ferkear en yngripe moat as dat nedich is. Mar hy mei wol belje. Wylst myn kliïnt dat net mei. Dy hat in feilichheidsferheegjende applikaasje yn 'e auto, de auto-pilot. Dy kin sels ride en sels remje, mar yn dit gefal mei myn kliïnt net belje. En dat is nuver."

Van der Goot tinkt dêrom dat de straf net de bedoeling is fan de wetjouwer, en as dat wol sa is, dan soene der dúdlike regels komme moatte.

"Polityk: kom yn aksje"

It giet de kliïnt fan de Ljouwerter advokaat net om it jild - de boete foar it fêstpakken fan de telefoan yn 'e auto is 230 euro - mar benammen om it prinsipe. "Dizze proseduere grypt er oan om polityk Den Haag wekker te meitsjen. Oer in pear jier binne der folle mear selsridende auto's. De polityk moat yn aksje komme."

(advertinsje)