Fotokeunstwurk yn de 'Hynstedobbe' fan Marrum pleatst

Midden yn de 'hynstedobbe' fan Marrum is woansdei in fotokeunstwurk pleatst. It wurk is fan Marcel van Luit en makket diel út fan de kuierrûte 'Dobbepaarden', in inisjatyf fan Sense of Place, It Fryske Gea en doarpsbelang Marrum. It keunstwurk fertelt it ferhaal fan de 150 hynders dy't yn 2006 ynsletten rekken op de râne fan de dobbe nei in swiere stoarm op It Noarderleech.
Keunstwurk yn de Hynsterdobbe fan Marrum pleatst
Yn desimber hawwe de trije inisjatyfnimmers in kuierrûte fan 7 kilometer oanlein efter de seedyk by Marrum. "De route brengt het verhaal van de paarden van Marrum en de bijzondere reddingsactie met amazones tot leven in het landschap. Het kunstwerk in de Ozingadobbe vormt het slotstuk van dit project", fertelt Wendy Gooren fan Sense of Place.
It keunstwurk is te sjen fan de râne fan de dobbe ôf. "Fan in ôfstân is it keunstwurk net te sjen om't dat net yn de omjouwing past", leit Joop Mulder fan Sense of Place út.
Foar it pleatsen fan it keunstwurk is it wetter út de dobbe helle. Tongersdei wurdt it wetter werompompt en leit it fotokeunstwurk op it wetter. Wannear't it wetter heech stiet, komt de boppekant fan de foto ek wat omheech om't dy op it wetter driuwt.
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek yn petear mei Joop Mulder fan Sense of Place