Mielbesoarger yn Drachten knalt tsjin in lantearnepeal

17 jul 2019 - 16:19

Op de Eikensingel yn Drachten is woansdei in mielbesoarger mei in bestelbuske tsjin in lantearnepeal knald. It wie in iensidich ûngelok, mar it buske en de lantearnepeal rekken flink skansearre.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder fan it buske is op it plak sels troch ambulânsepersoniel kontrolearre. Mooglik wie hy út 'e tiid rekke. Ek de brânwacht wie út foarsoarch by it plak fan it ynsidint.

(advertinsje)