Ried fan Steat jout grien ljocht foar bou wenbuorkerijen yn Toppenhuzen

De bou fan trije wenbuorkerijen oan de Sjaerdawei yn Toppenhuzen kin gewoan trochgean. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bepaald.
In sleat by Toppenhuzen © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Omwenners fine dat de nije wenbuorkerijen it iepen lânskip oantaaste en harren útsjoch behinderje. De Ried fan Steat is dat net mei de omwenners iens, de ried fynt it plan wol yn de omjouwing passen.
Op de lokaasje stie earder in pleats, dy't yn 1996 ôfbaarnde.