Provinsje en wetterskip lansearje webside oer feangreidegebieten

17 jul 2019 - 15:19

De provinsje en Wetterskip Fryslân hawwe woansdei in webside oer it feangreidegebiet online set. De side Veenweide Fryslân jout ynformaasje oer de Fryske Feangreidefisy. Op de webside is te lêzen hokker projekten en ûndersiken oft útfierd wurde en yn hokker gebieten dat bart.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De Feangreidefisy waard yn 2015 opset op inisjatyf fan de Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân. De fisy sketst in duorsum ûntwikkelingsperspektyf foar in oantreklik en leefber feangreidegebiet. Hoe't de ambysjes út de Feangreidefisy útfierd wurde sille, is beskreaun yn it útfieringsprogramma.

Om it unike karakter en de lânboufunksje fan it Fryske feangreidegebiet te behâlden, wurkje de provinsje, Wetterskip Fryslân, lânbou-organisaasjes, de Friese Milieu Federatie, belange-organisaasjes en ynwenners fan it gebiet, gear om de grûndelgong te beheinen.

(advertinsje)