Fryslân Fêstlein: 'Al 45 jier leit it hert fan ús freondinnegroep op It Amelân'

17 jul 2019 - 15:05

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear de freondinnen Alie, Joke, Nellie en Thea, dy't al sûnt 1974 mei-inoar nei It Amelân gean. Sy kenne elk paadsje fan it eilân út 'e holle.

De freondinnen fan Alie giene 45 jier lyn op yntroduksjekamp nei It Amelân. Der krigen sy opdrachten en learden sy de klasse kennen. "Wy witte net mear goed watfoar opdrachten oft doe wy krigen," fertelt Joke, "mar wy hiene wol in fantastyske tiid."

Wat de freondinnen op de foto dogge, is harren ek net folslein dúdlik mear. "Nee, wy freegje us ôf wat it is, mar ik soe echt net mear witte wat," seit Joke. "Miskien hawwe wy in kwal of in takke beet, mar ik kin it my net mear yn 't sin bringe."

45 jier Amelân

De freondinnen kenne inoar en it eilân tige goed. "Us hert leit al 45 jier op It Amelân," seit Alie. "Wy kenne inoar as freondinnegroep al sa lang en witte alles faninoar. Dêrneist komme wy faak op It Amelân mei ús allen en dat is wol bysûnder."

De freondinnen op It Amelân

Foto: Omrop Fryslân

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl

(advertinsje)
(advertinsje)