Tsjerketoer fan Hollum op It Amelân wurdt restaurearre

17 jul 2019 - 14:41

De tsjerke oan de Oosterlaan yn Hollum op It Amelân stiet fan takom wike ôf yn 'e stegers. De toer is ta oan ûnderhâldswurksumheden en de toer wurdt dêrom yngreven restaurearre.

Foto: Google Streetview

Under oare in part fan it mitselwurk wurdt fernijd en ek it foech- en ankerwurk wurdt wersteld. De wurksumheden sette krekt nei de boufak útein; de oannimmer en it boubedriuw ferwachtsje de restauraasje uterlik yn desimber klear te hawwen.

(advertinsje)
(advertinsje)