Wetterskip hat noch gjin grutte skea oantroffen by ynspeksje diken

17 jul 2019 - 14:26

De oanhâldende drûchte kin ta skea oan polderdiken yn Fryslân liede. Dêrom kontrolearret Wetterskip Fryslân de kommende twa wiken 97 kilometer oan diken yn de provinsje. Meiwurkers fan it Wetterskip sjogge benammen nei de polderdiken op feangrûn.

Om't it foar it twadde efterienfolgjende jier net folle reint, is it delslachtekoart yn ús provinsje oprûn nei 150 milimeter. Dat is ûngefear 50 milimeter mear as normaal yn dizze perioade.

Kontrôle by Terherne

Sjouke Bandstra is ien fan de rayonhaden dy't de diken kontrolearret. Woansdeitemoarn kontrolearre er de Nije Slachtedyk by Terherne. Dêr trof er gjin skea oan. Mar hoe sjocht er no oft der sprake is fan lekkerij of ferskowingen?

"As ik by in polderdyk kom, gean ik earst efkes by de sleat del. Is dy rjocht? Meastal binne dy sleatten frij rjocht, mar sit der ynienen in grutte bult, dan kin it wêze dat de kade dêr ferskood is. Dêr let ik dan ekstra op", fertelt Bandstra. De kade by Terherne is nei alle gedachten op fean boud.

Rayonhaad Sjouke Bandstra fan Wetterskip Fryslân by Terherne - Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Neffens Bandstra is de steat fan de polderdiken yn Fryslân net striemin en Bandstra ferwachtet dan ek net al te grutte problemen. "Mar je witte it nea. It is wer in healjier fierder sûnt ik hjir west haw. It kin sa feroarje, dus we moatte der wis fan wêze dat der neat oan de hân is."

Njonken de polderdiken op feangrûn wurde ek diken ynspektearre dy't mear risiko rinne op skea. Dat binne diken mei in grut ferskil yn wetterpeil tusken de boezem en de polder én de oanwêzigens fan in sleat achter de polderdyk. "Skuorfoarming komt benammen by fean foar."

Rayonhaad Sjouke Bandstra fan Wetterskip Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)