Klaas Kikstra fan Frjentsjer 100 jier: daalje-man no sels yn de blommen

Klaas Kikstra fan Frjentsjer is woansdei 100 jier âld wurden. Nettsjinsteande syn leeftiid is Kikstra noch tige op 't skik en drok dwaande as frijwilliger by swimbad Bloemketerp. Al sûnt it begjin yn 2011 is de frijwilliger op jierren dwaande mei it terrein om it swimbad hinne. Kikstra is gek op daaljes en soarget dat alles der fleurich by stiet.
Klaas Kikstra © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Kikstra wennet yn wensoarchsintrum Saxenoord. Woansdeitemoarn hat Kikstra dêr gesellich kofje dronken mei it personiel en de bewenners. Yn de middei sil hy mei de bern, pake- en oerpakesizzers nei it swimbad. Kikstra hat earder wurke as boere-arbeider yn de ierappels en yn it hea, en hy waard letter setboer en opperman yn Frjentsjer.

'Gewoan trochlibje'

Hoe is Kikstra sa âld wurden? Neffens himsels: "Gewoan trochlibje. Ik haw nea smookt." Ek sport is neffens him wichtich. "Swimme doch ik noch," seit Kikstra. Yn it wetter fan Bloemketerp fansels, mar op syn âldens wol mei in wetbelt om. Hy is net de iennige, want ek in suster fan him waard sawat 100 jier âld.
Ek jout de 100-jierrige ta dat hy fan kreaze frjoulju hâldt. "Moai no!", laket er. As hy op reis gie, mocht hy graach om 'm hinne sjen.
Dochter Afke hat in aksje opsetten om kaarten yn te sammeljen foar har heit. "Dat hie ús dochter betocht: in berjocht op Facebook diele, sa't minsken him massaal kaarten skriuwe kinne." Der binne al in soad kaarten oan Kikstra skreaun.

Bôletromp foar syn daaljes

Fan Omrop Fryslân krijt Kikstra in pakket mei kadootsjes. De Omrop-mûtse set hy fuortdaalks op, de fytsbel lit hy ringje en it bôletromp kin hy tige goed brûke. De blommen by it swimbad ûnderhâlde, dat is nammentlik syn hobby. Kikstra is gek op daaljes. Elts jier sammelet hy it sied, om dat it oare jier wer te siedzjen. En dat sammeljen docht hy yn bakjes, dus de bôletromp fan de Omrop komt him goed út.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de 100-jierrige Klaas Kikstra