Fragen VVD oer stipe supermerk

03 jul 2012 - 11:49

VVD yn provinsjale steaten set fraachtekens by de subsydzje dy't de provinsje jûn hat oan in supermerk yn Earnewâld. De partij hat skriftlike fragen oan it kolleezje steld. De VVD wol witte wêrom't de supermerk 50.000 euro krigen hat foar it ynrjochtsjen fan in kofjehoekje yn de winkel.

De subsydzje is dien yn it ramt fan plattelânsûntwikkeling. Lytse bedriuwen kinne oanspraak meitsje op 50.000 euro, mar it bedrach mei net heger wêze as tweintich persint fan 'e kosten.

Moandei waard al dúdlik dat de eigener fan de kampwinkel fan Earnewâld muoite hat mei de subsydzje foar de konkurrint. Neffens Nynke van der Hoef fan de provinsje foldocht de oanfraach fan de supermerk fan Earnewâld oan de kriteria om subsydzje te krijen. Van der Hoef wiist der op dat de provinsje Fryslân sels stranger is by it takennen fan subsydzje as de Europeeske Kommisje freget.

(advertinsje)