Beslút oer sânsuppleesjes by Skiermûntseach mei jier útsteld

17 jul 2019 - 11:37

It beslút oer de sânsuppleesjes foar de kust by Skiermûntseach is mei in jier útsteld. Rykswettersteat ferwachtet dat de noardwestkant fan it eilân op natuerlike wize werstelle kin fan de eroazje, mar dat is noch net wis. Dêrom wurdt de situaasje takom jier opnij besjoen. Troch útstel fan de suppleesjes komt de feilichheid fan it eilân net yn gefaar, sizze Rykswettersteat en Wetterskip Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Der sil takom jier yn oerlis mei eksperts sjoen wurde hoe't de kust him ûntwikkelet en oft der njonken it opspuitsjen fan ekstra sân ek alternativen binne om de wetterfeilichheid te waarboargjen. Ek is der in jier langer tiid om mei ynwenners fan it eilân yn petear te gean. It betsjut dat mooglike sânsuppleesjes net earder as yn 2021 plakfine kinne.

Alternativen

Neffens adviseur wetterfeilichheid Robert Zijlstra fan Rykswettersteat wurdt de kust fan Skiermûntseach elts jier metten. No't it beslút ien jier ferskood wurdt, is der ekstra tiid om te sjen oft der ek alternativen binne. Dêrby wurdt tocht om de natuer, mar fansels ek om de feilichheid.

Foto: Rykswettersteat

Ien fan de mooglike alternativen is it fersterkjen fan ien dún oan de noardwestkant fan it eilân. Dy hat in wichtige funksje as wetterkearing en is dêrom fan belang foar de wetterfeilichheid.

In oar 'alternatyf' is dat de kust út himsels wer oangroeit. "We hebben periodes waarin de kust erodeert en periodes waarin de kust weer aangroeit. Dat heeft te maken met hoe het zeegatsysteem zich gedraagt, het grote gebied tussen Ameland en Schiermonnikoog waar elke dag het water naar de Waddenzee in- en uitstroomt. We zien in onze metingen dat er een zandplaat onderweg is naar Schiermonnikoog, wanneer precies is nog onzeker, maar dan zal de kust weer aangroeien," seit Zijlstra.

Dochs soargje sy derfoar dat der yn de tuskentiid gjin probleem ûntstiet. "Maar als het niet nodig is om in te grijpen, dan geven wij daar de voorkeur aan."

Robert Zijlstra fan Rykswettersteat

Om de Waadeilannen te fersterkjen tsjin de see, fersterket Rykswettersteat de eilânkusten mei sân út de Noardsee. Dit bart op plakken dêr't sterke eroazje plakfynt en funksjes, lykas de wetterfeilichheid, yn 'e knipe komme. Op basis fan berekkeningen wurde lokaasjes opnommen yn in mearjierrich programma foar sânsuppleesjes. Foardat begûn wurdt mei dy suppleesjes, wurdt oerlein mei de belutsenen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)