Twatûzen ekstra eksimplaren fan Fryske Jip en Janneke

De Fryske ferzje fan it berneboek Jip en Janneke is populêr. De twadde druk fan it klassike boek is skjin op en it is alwer tiid foar in tredde printinge.
© Omrop Fryslân, Alle Faber
Ein desimber 2016 wiene de aventoeren fan Jip en Janneke foar it earst yn it Frysk yn boekfoarm te krijen. Doe wie de oplage 1.000 stiks. De twadde druk hie 2.000 stiks, en dêr komme no opnij 2.000 by. Neffens de Afûk is 5.000 eksimplaren fan ien Frysk boek in grut sukses.