Ofsluting dyk Fochtelerfean docht fertuten foar kraanfûgelfamyljes

17 jul 2019 - 11:21

De Fochtelerfeanwei tusken Appelskea en Feanhuzen wurdt dit jier ferskate kearen ôfsletten om't in soad jonge kraanfûgels de dyk oerstekke. De maatregel is naam troch Natuurmonumenten en de gemeente Eaststellingwerf. It docht fertuten, want de ôfrûne tiid is de dyk al fiif kear ôfsletten en binne kraanfûgels mei harren jongen suksesfol oerstutsen.

Foto: H. Veenstra

As de fûgels harren yn de buert fan it asfalt tahâlde, giet de trochgeande dyk ticht. Der binne ferskate fûgelers west dy't de kraanfûgels op de foto setten hawwe. Sa joech Marchel Stienstra fan Hurdegaryp op Twitter oan dat hy him yn it Fochtelerfean suver yn East-Europa waande troch it tal kraanfûgels.

Kwetsber

It Fochtelerfean is foar de kraanfûgels it wichtichste Nederlânske briedgebiet, mar benammen de piken binne kwetsber. Yn 2018 binne der twa jonge kraanfûgels ferstoarn op de dyk troch it natuergebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)