Grouster Rixt van der Horst definityf yn aksje op EK paradressuer

17 jul 2019 - 11:06

Paradressuerrydster Rixt van der Horst fan Grou docht definityf mei oan it Europeesk kampioenskip yn Rotterdam. Dat hat bûnscoach Joyce Heutink bepaald. It Europeesk kampioenskip wurdt hâlden fan 19 oant en mei 25 augustus.

Foto: A van der Horst

De ôfrûne tiid helle Rixt goede resultaten op seleksjewedstriden. Sa liet se yn it Dútske Überherrn har konkurrinsje by de yndividuele test fier achter har.

Yn augustus fersoarget Rixt ek in clinic op it Concours Hippique yn Bûtenpost. Dat docht se mei har hynder Uniek, dêr't se earder ek wrâld- en Europeesk kampioen mei waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)