De Telegraaf: 'Grachtenhuis Ed Nijpels geplunderd'

17 jul 2019 - 10:48

Der is ynbrutsen yn it Amsterdamske hûs fan Ed Nijpels, dat meldt De Telegraaf woansdei. By de ynbraak binne ferskate foarwerpen meinaam dy't Nijpels krigen hat yn syn tiid as kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. "Ik heb aan die voorwerpen zóveel emotionele herinneringen!"

Foto: ANP

Opfallend is dat de ynbrekkers ek in tal bysûndere saken net meinaam hawwe. It giet bygelyks om in lyts sulveren Alvestêdekrúske dat Nijpels by syn ôfskie as kommissaris krigen hat, en ek in sulveren keatsbal is lizzen bleaun. De foardoar fan it grêftepân wie iepenbrutsen mei in brekizer. Nijpels wie mei fakânsje yn Italië doe't der ynbrutsen waard, yntusken is hy werom yn Amsterdam.

Op de fraach fan de krante of hy net leaver werom giet nei 'het veilige Friesland' seit Nijpels: "Nee hoor. Wij blijven, vol liefde, in Amsterdam wonen. We voelen ons daar heel erg thuis. De inbraak moeten we maar zien als een incident."

(Advertinsje)
(Advertinsje)