Minder skeefwenners yn Fryslân

03 jul 2012 - 11:31

It Sintraal Buro foar de Statistyk hat de ynkommens fan hierders keppele oan it plak dêr't se wenje. Dêrút docht bliken dat it saneamde skeefwenjen foaral in probleem is yn de Rânestêd. Neffens de Europeeske Kommisje mei mar ien op de tsien hierders yn de sosjale wenningbou mear as 33.000 euro fertsjinje. Nederlân sit dêr fier boppe. Mear as in kwart fertsjinnet tefolle jild foar de wente dy't se hiere.

Mar it ferskil tusken de Ranêstêd en it Noarden is neffens it CBS grut; yn Fryslân leit it persintaazje 'skeefwenners' in stik leger.

Yn de Rânestêd is it persintaazje skeefwenners op guon plakken 35 oant 40 %, yn Fryslân giet it om 20 oant 25 %.

(Advertinsje)
(Advertinsje)