Plysje giet út fan misdriuw yn ûndersyk nei dea oantroffen man yn Ljouwert

17 jul 2019 - 13:45

De plysje docht ek woansdei ûndersyk yn de flat oan de Prof. mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert, dêr't tiisdei in deade persoan fûn waard. Ek wurdt ûndersyk dien yn de buert. It slachtoffer soe de 73-jierrige bewenner fan de wente wêze. De plysje seit út te gean fan in misdriuw.

De deade persoan waard tiisdeitemiddei fûn. De plysje krige in melding fan minsken dy't de situaasje by de wente net fertrouden. Aginten giene del om poalshichte te nimmen en troffen it lichem fan de man oan.

TGO

Dêrnei waard der in wiidweidich forinsysk ûndersyk opsetten. Dêrby binne yn de rin fan tiisdeitejûn oanwizings fûn dat it om in misdriuw gean soe. Om dy reden is der in Team Grootschalige Opsporing (TGO) op de saak setten.

It soe gean om in 73-jierrige Sineeske man, de bewenner fan de wente. Yn de wente oan de Prof. mr. P.S. Gerbrandywei waarden keamers ferhierd oan studinten, benammen fan Sineeske ôfkomst.

It ûndersyksteam fan de plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't dêr wenne of ferbleaun hawwe, of minsken dy't hierders fan dizze wente kenne. Sy kinne kontakt opnimme mei it team fia it meldformulier of op telefoannûmer 0900 8844.

Neffens in wurdfierder fan de plysje sille de ûndersiken nei alle gedachten noch de hiele dei duorje, mooglik wurdt der tongersdei ek noch ûndersyk dien.

Foto: Anton Kappers

Plysjewurdfierder Ernest Zinsmeyer

(advertinsje)
(advertinsje)