De spits is derôf; renovaasje fan spitskonstruksje Aldehou kin begjinne

17 jul 2019 - 10:16

De spits fan de Aldehou yn Ljouwert is woansdeitemoarn nei ûnderen ta helle. De toer moat it de kommende moannen stelle sûnder syn spitskonstruksje, omdat dy renovearre wurde moat. It giet om de houten konstruksje dy't boppe-op de stiennen toer stiet, dy't bestiet út in toerkrús, in wynwizer en in grutte flaggemêst.

De manlju fan Kielstra Kraanverhuur koene woansdeitemoarn net fuortendaliks oan de slach mei de swiere put. It wie foar harren lestich om de toer mei de grutte kraan te berikken en se moasten omride. Mar doe't se te plak wiene, koe it wurk begjinne.

Fuortendaliks werstelle

"Ut feiligens moat de spits der hielendal ôf", fertelt projektlieder Anne Beukens fan de gemeente Ljouwert. "Ofrûne jier hawwe we mei Monumententoezicht ûntdutsen dat dy konstruksje dochs wat wibelich wie en dat we dy fuortendaliks werstelle moasten. Doe hawwe we de spits derôf helle, tydlik wer werom pleatst en fêstsetten. No helje we de spits der folslein ôf."

De spits giet nei Bootsma Bouwbedrijf yn Easterwierrum, dêr't it hout bewurke wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Der komt in soad gewicht del op de konstruksje. Kin de Aldehou dêr wol sûnder? "Dit is in elemint dat der los op stiet. Dat kin maklik, it is gjin inkeld probleem", seit Beukens. "De Aldehou bliuwt ek like bryk."

De Aldehou sil yn july en augustus gewoan iepen wêze foar publyk en besikers kinne de toer de kommende wiken noch hieltyd beklimme.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld by de Aldehou

Projektlieder Anne Beukens en opsichter Johannes Jorritsma oan it wurd

Trefwurden: 
Ljouwert Aldehou spits
(advertinsje)
(advertinsje)