Kollum: "Twaspjalt"

"In lyts sintsje yn in artikel fan Omrop Fryslân oer De Spitkeet op 'e Harkema brocht my hielendal yn de betizing. Earst efkes útlizze: it parkearterrein by de De Spitkeet moat nammentlik wat grutter wurde. Dat is logysk, want wy hâlde hieltyd mear fan histoarje. En jo moatte yn it nei-kulturele-haadstêdjier sa no en dan wol sizze: "Ik ha fan 'e moarn efkes yn it Jopie Huisman Museum west". Of "we ha de bern mar efkes meinaam nei it Planetarium, nijsgjirrich". Of " en doe ha we ek noch efkes yn De Spitkeet op 'e Harkema west".
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Ik sis no De Spitkeet, mar it is it Iepenloftmuseum De Spitkeet. De Spitkeet is it geve en moaie Fryske wurd foar 'plaggehutte'. Dêr wennen Drinten yn, yn Fryslân wennen earme lju yn in spitkeet. Mear koene se net betelje. As je dêr yn it museum om je hinne sjogge, kinne je gewaarwurde hoe't de earme minsken fan likernôch 1850 oant de oarloch fan 1940-1945 har eigen wenten makken. Se wennen yn hoalewenten bygelyks, gewoan yn de grûn. Of mei fjouwer húshâldings yn ien hok, wat se dan de Mallemolen neamden. Of letter yn lytse húskes fan minne stien. Je kinne it allegear sjen yn it spitketemuseum op De Harkema.
As de besikers dêr de echte Spitkeet yngeane, stompe se har de harsens. Spitketen wienen nammentlik net heech, want earme minsken hiene gjin ljedders om wat hegers te bouwen as dat se sels wiene. Yn spitketen wennen hiele lytse Wâldminskjes. Ja, dat klinkt rasistysk, mar ik wie ris mei Rinze Zijlstra op reis om syn nije gemeente Smellingerlân te besjen, doe moasten we ek yn de lêste spitkeet sjen, dêr't noch lju wennen. Dy stiene tsjin ús middelruft oan te praten.
No ha ik genôch reklame makke, dus moat it parkearterrein grif útwreide wurde. Mar dan dat iene sintsje dat derby stie. "Dêr moat dan ek in laadpeal foar elektryske auto's komme". In elektryske laadpeal by De Spitkeet. Dat is in contradictio in terminis. Ik smiet it berjocht lulk yn de hoeke.
Dêr ha ik it wer wei helle. Fanwege De Tike. De Tike leit net sa hiel fier fan De Harkema ôf. Dêr stiene eartiids ek spitketen. Watte, dêr stie yn 1700 in kwak spitketen tusken de buorkerijkes. Dit spitketelân waard pas yn 1952 in doarp. Dat kin je noch fernimme, want se binne dêr noch net folwoeksen. Se ha spul yn harren mienskip op in wize dy't hast net mear foarkomt.
It giet om de skoalle, De Gielguorde, in kristlike basisskoalle. Dy moat neffens it bestjoer fan dy skoalle fusearje mei De Leister Igge op De Pein. Dat is in gearwurkingsskoalle. Guon âlden fan De Tike wolle dat net. Dat kin. Dêr kinne je oer diskusjearje. Mar dat gie op De Tike nochal wat fierder.
Oant bedrigings ta. "As de skoalle fusearret dan sil ik jim... " Mar it wie net inkeld wat wyld Wâldmanspraat. Briefkes op de doarren plakke. Bedrigings, rjochting bestjoer en personiel, dy't seine dat fúzje better wie foar de bern. Sterker, doe sei it bestjoer: as der gjin fúzje komme mei, dan slute we de skoalle likegoed. Gûlende âlden op it skoalplein, dy't har fielden as spitkeetfolk, dat net mear teld waard. In skoalbestjoer dat net goed kommunisearje koe mei de âlden. Koartsein, twaspjalt op De Tike.
It CDA smiet yn de ried fan Smellingerlân in moasje op tafel om de skoalle bestean te litten. Dy waard unanym oannaam. Doe tocht ik, mar dat lêze je nearne, mar miskien is it wol in kwestje is fan fyn en grou. It ferhaal giet hieltyd dat it wichtich is dat bern yn eigen doarp op in lytse skoalle wat persoanliker ûnderwiis genietsje. Mar soene de Tykster âlden net benaud wêze foar in gearwurkingsskoalle.
Oft dat no al of net sa is, makket trouwens neat út. Der ferdwine mei de simmerfakânsje tsien skoallen yn Fryslân. It is de nije tiid, net mear tsjin te hâlden. It moat fanwege jild en ûnderwiisdoelstellings. En der binne te min masters en juffen om de skoallen bestean te litten. De mienskipsspjalt troch sa'n situaasje is dus net mear fan dizze tiid.
Mar hee, as de tiid echt oars is, dan kin der ek wol in elektryske laadpeal njonken De Spitkeet komme."