Eefkes byprate mei: Jeroen Pietersma fan it Drachtster skûtsje

17 jul 2019 - 08:04

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start steane fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Jeroen Pietersma fan it skûtsje fan Drachten.

Jeroen Pietersma - Foto: Martin de Jong

Jeroen Pietersma is sûnt 2014 skipper fan it skûtsje fan Drachten. Yn 2018 einige Drachten op it tsiende plak.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Geweldich, de jonges steane te springen om wer te begjinnen. It skip is goed oanpakt dizze winter, dus we hawwe der echt bot nocht oan."

Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"De Snitsermar is wol ien fan ús favoriten. It is moai djip en der lizze altyd goede banen yn. Dat der in soad folk altyd by is helpt fansels ek mei."

Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"Yn prinsipe wolle we konstanter sile. Ofrûne jier wie it by ús hiel bot 'hoge pieken, diepe dalen'. Nim bygelyks De Feanhoop, dat wie weardeleas."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Kinst better freegje, wat net? It skip wie ferrotte, lek en meardere spanten sieten los, dus it folsleine skip is oanpakt. It is no wer as nij!"

Wat meie wy net fan jim witte?
"Dat soe ik jim noait fertelle."

Wat is it bêste iten om op te silen?
"Stamppot, en ja, ék yn 'e simmer. In goed stik fleis heart der ek by. Dêr kinne wy it alderbêste op sile."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrinsje?
"Alle trettjin, stik foar stik. We komme hieltyd tichterby-inoar. It skip mei de bemanning dat it tûkst is, dat wint."

Wêrom sille jim dit jier winne?
"Om't wy de bêste ploech hawwe."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2 FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)