KV Minnertsgea wol minsken yn 'e kunde bringe mei de keatssport

Yn Minnertsgea wurdt woansdei in bysûnder keatseksperimint útfierd, bedoeld om minsken mei minder of sûnder kennis fan de sport út te lizzen hoe't ien en oar yn elkoar stekt. De opbringst fan it evenemint giet nei it goede doel. Ald-PC-kening en trijefâldich winner Chris Wassenaar en Klokhuis-presintator Habtamu de Hoop (ek bekend fan 'Keatsen foar Dummies') sille it kommentaar fersoargje.
It keatsfjild fan KV Minnertsgea © KV Minnertsgea
De keatsferiening fan Minnertsgea organisearret woansdei in wedstriid foar sawol manljus- as frouljushaadklassers. De aksje waard in pear wike lyn oankundige. Neffens Jacob Wassenaar, foarsitter fan KV Minnertsgea, is der in tsiental oanmeldings. "We hiene hope op in pear mear, mar mei tsien binne we ek hartstikkene bliid. We wolle dy minsken sjen litte kinne wêrom't wy sa gek binne fan it spultsje."

Plannen oanpast

De plannen binne in bytsje oanpast. It orizjinele idee wie om minsken mei earkes streekrjocht op 'e hichte te hâlden fan wat der op it fjild bart. Habtamu de Hoop en Chris Wassenaar soene sa fertelle hoe't it spul yn elkoar stekt.
"We hiene hope op in man as 30 of 40 en dat we dan twa persoanen hiene dy't it útlizze moasten. It soe lestich wêze om derby te stean en al dy minsken ta te sprekken." It soe dan moai wêze as Habtamu en Chris in earke krigen en dat dy twa dan fia in mikrofoan minsken tasprekke koene."

Stichting Duchenne

Oan dat plan sieten lykwols flinke kosten ferbûn kwa apparatuer. Dêrom waard der besletten dat it evenemint mei tsien dielnimmers wol sûnder de apparatuer koe. "De opbringsten fan de iepening fan dy dei gean nei in goed doel, nei Stichting Duchenne. Om safolle mooglik jild dêrhinne te stjoeren, hawwe we besletten fierder te gean sûnder de earkes", leit Wassenaar út.
De keatsferiening besiket elk jier wat unyks te organisearjen mei de haadklasse. Sa waard der twa jier lyn jild ophelle foar Stichting STOPhersentumoren. Ferline jier hat it bestjoer de Alpe d'Huzes beklommen. "Dêr hawwe we doe hast 15.000 euro mei ophelle. Soks woene we dit jier ek wer dwaan."

Beppesizzer

It goede doel foar dy aksje wie gau fûn. "Wy hawwe in bestjoerslid dat in beppesizzer fan trije jier hat en dat hat te krijen mei dy sykte. We hawwe in jong bestjoer mei lytse bern en dan grypt dat je noch mear oan. Dêrom hawwe we keazen foar dat doel."
Jacob Wassenaar, foarsitter fan KV Minnertsgea
Hoe't it yn Fryslân mei de oandacht foar it keatsen steld is, wit Wassenaar net krekt. "Ik kin maklik foar myn eigen doarp sprekke, want dêr ha ik it meast mei út te stean. Dêr giet it hartstikkene bêst. Ik tink dat as je posityf bliuwe, it fêst goed komt."
Wassenaar hat woansdeitemoarn al efkes del west by it keatsfjild yn it doarp. "It leit der fantastysk by. We hawwe der wer sin oan! It wurdt wat waarmer as de ôfrûne dagen, dus it kin net better." Minsken dy't dochs noch meidwaan wolle oan it evenemint, kinne har woansdei noch melde by de keatsferiening.