René Oosterhof nei AGOVV

03 jul 2012 - 11:23

Doelman René Oosterhof spilet de kommende twa seizoenen foar AGOVV út Apeldoorn. De reservedoelman fan SC Hearrenfean wie yn jannewaris al ferhierd oan de klup út de Jupiler Leaque.

Yn juny 2010 kaam de 22-jierrige Oosterhof fan FC Zwolle nei SC Hearrenfean. De keeper spile ien offisjele wedstriid, dat wie de bekerwedstriid tsjin Harkemase Boys dy't mei 6-1 wûn waard.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)