"Festivals moatte mear dwaan oan draachflak fan de befolking"

17 jul 2019 - 06:02

Neffens festival-ûndersiker Martin Groters is de pleatslike befolking festivalwurch. "Je ziet dat vooral in het Westen, maar ook in Friesland." Groters doelt op it net trochgean fan dancefeest Garden of Dance yn Snits. Mar ek it festival Welcome to the Village, dat fan de rjochter in oere earder ophâlde moat, mei fersterke muzyk.

It oantal festivals is de lêste acht jier elts jier mei tsien prosint tanommen. Lanlik binne der no tusken de 1.200 en 1.400 festivals. Neffens Martin Groters, dosint en ûndersiker Leisure & Events Management oan NHL Stenden, stagnearret dit no. "Dat komt door strengere regelgeving van gemeenten en meer weerstand."

Sosjale aspekt

Neffens Groters moatte festivals mear rekken hâlde mei de omjouwing. "Hier valt nog een grote slag in te maken. Kijk als festival bijvoorbeeld wat er voor de lokale bevolking in zit en kijk of je iets terug kunt geven." Groters fynt wat Eurosonic yn Grins docht in moai foarbyld. "Het festival organiseert op de Grote Markt gratis optredens." Of in buorlju-loket op it festivalterrein. "Ik zag dit op Rock Werchter. Buren kunnen hier terecht voor goedkope kaartjes, klachten of als ze gewoon even hun verhaal kwijt moeten."

Welcome To The Village - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Direkteur fan Welcome to the Village, Ruben Bosch, seit dat se al in soad omtinken hawwe foar de omjouwing. "We organiseren al jaren een avond met onze buren. We drinken dan met elkaar een biertje om te laten zien wat we doen. Dat we niet alleen een popfestival zijn, maar ook aan maatschappelijke projecten doen met bijvoorbeeld vluchtelingen en duurzaamheid."

Bosch jout ta dat se dit wol wat mear dwaan wolle. "De tijd, geld en energie die we nu in de rechtszaken moeten steken, zouden we liever aan al onze sociale partners willen besteden."

Trend

It oantal festivals hat sa't it liket it plafond berikt. Dochs tinkt Groters net dat it om trend giet, mar dat festivals in bliuwend fenomeen binne. "Het voorziet in een behoefte die er onder mensen is. Men kan ontsnappen aan de dagelijkse drukte. Ook heeft een festival een belangrijk sociaal aspect: samen met familie en vrienden iets beleven en zo de banden aanhalen. Maar ook het leren kennen van nieuwe mensen. Een festival is hier de ideale plek voor, omdat je veel gelijkgestemden tegenkomt."

Martin Groters, dosint/ûndersiker Leisure & Events Management

(Advertinsje)
(Advertinsje)