Fries praat oer klimaat foar 50.000 minsken op Szigetfestival

16 jul 2019 - 22:00

De 25-jierige Ljouwerter Milan van der Meulen sil op 9 augustus út namme fan âld-vicepresidint fan de Feriene Steaten, Al Gore, sprekke op it Sziget Festival yn Hongarije. Hy docht dat foarôfgeand oan it optreden fan DJ Martin Garrix, foar nei ferwachting 50.000 besikers. Milan van der Meulen is duorsum ûndernimmer en klimaataktivist en set him op dizze wize konkreet yn foar it klimaat.

Foto: Omrop Fryslân

Milan van der Meulen start by Sziget mei in petysje fan jongerein om omtinken en aksje te easkjen foar it klimaat. Al Gore sil it publyk ek tasprekke troch middel fan in fideoboadskip.

De petysje pleitet foar in ambisjeuzer Europeesk klimaatbelied en stelt konkrete maatregels foar. Alle festivalbesikers kinne mei in saneamde QR-koade scanne mei de telefoan en sa de petysje ûndertekenje. Letter sil de petysje nei de nije EU-presidint stjoerd wurde.

Klimaat

Milan van der Meulen set him al sûnt 2013 yn foar it klimaat. Sa besiket hy mei syn broer safolle mooglik minsken en bedriuwen oerstappe te litten op sinne-enerzjy en is hy direkt belutsen by it Climate Reality Projekt fan Al Gore yn de Benelux. Yn 2016 stie Van der Meulen yn de top trije fan bêste jonge ûndernimmers fan Nederlân en ek stiet hy al trije jier yn de Duurzame Jonge 100.

(Advertinsje)
(Advertinsje)