Te min bewiis: trijetal frijsprutsen fan tarieden drugstransport yn Drachten

16 jul 2019 - 21:38

De rjochtbank yn Ljouwert hat trije manlju út Utrecht, Amsterdam en Aalsmeer frijsprutsen fan it besit fan 500 kilo hasj. It Iepenbier Ministearje hat neffens de rjochtbank te min bewiis levere en net genôch ûndersyk dien om de manlju feroardielje te kinnen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It trijetal waard op 13 july 2017 troch de plysje oantroffen yn in loads oan de Giek yn Drachten. Yn dat gebou stie ek in oplizzer fan in frachtwein. Dêryn waarden ferskate pakketten mei hasj fûn.

Bewiis te meager

It bewiis tsjin de ûntkennende fertochten wie neffens de rjochtbank te meager. De trije fertochten seine dat se yn de loads wiene om de ferljochting fan de frachtwein te reparearjen.

Neffens de rjochtbank hat it IM nea ûndersocht oft der ek echt wat mis wie mei de ferljochting. Ek wie gjin oanfoljend ûndersyk dien nei in DNA-profyl, dat op ien fan de oantroffen pakketten hasj fûn waard.

Eask wie selstraf

Twa wiken lyn easke de offisier fan justysje foar alle trije fertochten fjirtjin moannen sel en in jildboete fan 6.000 euro. De konklúzje fan de rjochtbank wie lykwols dat de ferklearringen fan de fertochten net samar oan 'e kant skood wurde koene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)