Twangsom foar Alliade Zorggroep/Stichting Talant om brânmeldynstallaasjes

16 jul 2019 - 20:50

De gemeente Opsterlân leit Alliade Zorggroep/Stichting Talant in twangsom op fan maksimaal 70.000 euro. Dit dogge se omdat de brânmeld- en ûntrommingsynstallaasjes op sân lokaasjes oan 't Rond te Beetstersweach noch hieltyd net sertifisearre binne. De brânwacht en de gemeente ha ferskate fersiken dien om it foar elkoar te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De lêste 'deadline' wie op 1 april en dy is net helle. Sjoen de prioriteit dy't de brânwacht en de gemeente Opsterlân jouwe oan de brânfeiligens, kinne se no allinne noch mar in bestjoersrjochtlike maatregel nimme yn de foarm fan in twangsom. De soarchynstelling krijt oant 1 jannewaris 2020 de tiid om de sertifisearring te regeljen.

Reaksje

Alliade Zorggroep/Stichting Talant hat de gemeente witte litten dat uterlik yn desimber alle lokaasjes foarsjoen binne fan in jildich sertifikaat. De organisaasje jout oan dat alle ynstallaasjes technysk goed binne en klear binne foar in sertifikaat.

Trefwurden: 
Talant Alliade Zorggroep
(Advertinsje)
(Advertinsje)