Flater provinsje: joech artistyk lieder Welcome to the Village subsydzje oan himsels?

Artistyk lieder Sjoerd Bootsma fan it festival Welcome to the Village baalt freeslik fan de opskuor dy't ûntstien is, dat er mooglik dûbele petten op hat. Syn Welcome to the Village-festival hat 70.000 euro krigen út de subsydzjepot foar LF2028.
Belangeferfrisseling artistyk lieder Sjoerd Bootsma fan Welcome to the Village?
Dat is it jild dat de provinsje beskikber steld hat om de kulturele eveneminten ek nei it kulturele haadstêdjier fan 2018 oerein te hâlden. Bootsma sit ek yn de kommisje dy't de ferdieling fan dat jild bepaald hat. Dus Bootsma jout subsydzje oan it festival dêr't er sels de artistyk lieder fan is, sa like it.
"Ik baal er echt enorm van, maar er is niet zoveel aan de hand", seit Sjoerd Bootsma, de man om wa't it allegearre giet. "Ik heb op geen enkel moment mij bemoeid met het geld voor Welcome to the Village. Dat is een gesprek dat eigenlijk al rond was voordat ik aantrad als kwartiermaker en we hebben hier heel duidelijk afspraken gemaakt."

Al earder ôfspraken

Neffens Bootsma wiene der al yn 2014 ôfspraken makke oer dat hy him net mei Welcome to the Village bemuoie soe. "Alleen er is een fout gemaakt bij een ambtenaar van de provincie waardoor mijn naam onder de beschikking van het festival is komen te staan. Dat is een standaardbrief."
De kulturele wrâld binnen Fryslân is lyts, dêrom liket it frjemd. "Culturele Hoofdstad heeft een nieuwe generatie aan cultuurmakers gebracht en die kennen elkaar ook allemaal. Dat is ook een beetje Fryslân. Maar Welcome to the Village heeft geen nieuw geld gekregen, dit was een afspraak die al liep. Ik heb vanaf het begin gevraagd of het een probleem was dat ik een festival organiseer, en dat was het niet."
Artistyk lieder Sjoerd Bootsma fan it festival Welcome to the Village
"Ik tink dat deputearre Poepjes hjir wol wat út te lizzen hat," seit Matthijs Sikkes-Van den Berg fan GrienLinks. "Ik tink dat it wichtich is dat je de skyn fan belangeferfrisseling altyd foarkomme moatst. Ik fyn dat de provinsje fan tefoaren al in better kar meitsje moatten hie." Hy jout oan dat it om in soad jild giet en dat it dêrom wichtich is gjin flaters te meitsjen.
Matthijs Sikkes-Van den Berg fan GrienLinks is kritysk op deputearre Poepjes
Deputearre Sietske Poepjes is net bliid mei it ferhaal. "Wy hawwe fan tefoaren goede ôfspraken makke mei de belutsen minsken dat as der sprake is fan in festival of in oare kulturele utering dêr't jo sels by belutsen binne, dan kinne jo der net oer advisearje, dat soe tige ûnhoask wêze. Dus wy hawwe ôfsprutsen: as jo der by belutsen binne, binne jo efkes net ûnderdiel fan it advisearringsproses."

Flater by de provinsje

Mar der is in flater makke, by de provinsje. "It ferfelende is dat der in brief ferstjoerd is dy't in copy-paste wie fan eardere brieven dêr't noch yn stie dat hy advisearre hie oer it festival, mar dat wie in amtlike flater. Mar ik kin my foarstelle dat der allegearre reade ljochten ôfgiene by minsken."
Neffens Poepjes is it net nedich om soargen te meitsjen. "It kolleezje krijt alle advizen binnen fan it Kulturele Haadstêd-legacy ferhaal, mar it kolleezje sjocht ek apart nei oft der no wol of net subsydzje komme moat. Der sit in dûbele check op. Wy folgje net blyn de advizen fan adviseurs."
Poepjes: "Der is in ûnôfhinklike kommisje, mar wat hjir spile wie dat wy de gong deryn hâlde woene. De minsken dy't wy frege hawwe woene wy hurd oan it wurk sette, want wy woene it Kulturele Haadstêd-ferhaal net út de fingers glide litte. Dy minsken binne sa yn de ieren fan ús kulturele libben dat sy ek ferbûn binne oan ferskate kulturele projekten. Dêrom hawwe wy fan tefoaren ôfspraken makke." Mar troch in amtlike flater like dat dus oars.
Deputearre Sietske Poepjes leit út dat it om in amtlike flater gie