Noch in nije spiler foar basketbalklup Aris: Samuel Idowu (22)

16 jul 2019 - 19:16

De Ljouwerter basketbalklup Aris hat noch in nije spiler oan de seleksje taheakke. It giet om de 22-jierrige Samuel Idowu, dy't oerkomt fan de Saint Peter's Peacocks yn de Feriene Steaten.

Foto: Aris Ljouwert

Idowu is de fjirde spiler yn de seleksje fan de Belgyske haadcoach Ferried Naciri. Hy spile fjouwer jier by de Saint Peter's Peacocks yn Jersey City. "We zijn erg blij dat we Samuel hebben kunnen contracteren", fynt bestjoerslid Merlijn van der Meulen. "Het is een fysiek sterke inside speler die ook van buiten kan spelen."

Dedecker

Moandei makke Aris al bekend de 18-jierrige Belch Cedric Dedecker kontraktearre te hawwen.

Trefwurden: 
Aris basketbal Samuel Idowu
(Advertinsje)
(Advertinsje)