Rêstdei hurdfytsers Tour de France, mar net foar kok Karin fan Jumbo-Visma

It is tiisdei de earste rêstdei yn de Tour de France, mar hielendal rêstich is it nea. By de Nederlânske ploech Jumbo-Visma sille se hielendal bliid wêze, want sy hawwe fjouwer fan de earste tsien etappen wûn. Karin Lambrechtse út Ljouwert is 'haad iten' by de ploech en moast op de rêstdei gewoan oan 'e bak.
© ANP
"Het is heftig en druk, maar ook heel gaaf", sa fertelt Lambrechtse. "We moeten ons natuurlijk de hele tijd verplaatsen. Zodra ik met mijn kookwagen aankom dan is het de keuken in en aan de gang. 's Avonds laden we dan weer in en dan moeten we de volgende dag weer door. Maar, als je zulke resultaten boekt, dan houd je dit wel even vol."

Enerzjy oanfolje

Foar de topsporters is it benammen wichtich om te werstellen fan de drokke wedstriiddagen. "Deze rustdag is gericht op koolhydraten. De energievoorraad in de spieren moet worden aangevuld, zodat de wielrenners de etappes weer door kunnen komen en weer overwinningen kunnen pakken."
Karin Lambrechtse fan Jumbo-Visma