Friese Ballonfeesten fergees: organisaasje wol minsken út de berms wei

16 jul 2019 - 17:57

Fan woansdei ôf wurde de Friese Ballonfeesten wer holden op de Jouster Nutsbaan. Ea wiene dêr in soad minsken te finen, it wie sûnt 1986 in ferneamd doarpsfeest fan De Jouwer. Mar yn de rin fan de jierren wiene der hieltyd mear besikers dy't wol de ballonnen sjen woene, mar bûten de Nutsbaan in plak sochten yn de berm. Dêr moat in ein oan komme, fynt de organisaasje: de tagong ta it terrein is no fergees. Slagget de nije koers fan it bestjoer?

De tariedingen foar de Ballonfeesten binne al úteinset, it is drok om de Nutsbaan hinne. "It grutste ferskil mei ferline jier is dat dit jier de yntree fergees is. Oare jierren moast der altyd betelle wurde. Eltsenien is wolkom en der is dus gjin behindering mear om nei it terrein te kommen," jout Theo Nijholt fan de organisaasje oan.

"Eartiids sieten de minsken om De Jouwer hinne op stuoltsjes. Dat is ek moai: dan sjochst se oerkommen. Mar om no te sjen hoe't it der op de baan oan ta giet is noch moaier, dizze wike kinst dus sa nei binnen komme," seit Nijholt. It bestjoer besiket aktyf de minsken nei de Nutsbaan te heljen, ûnder oare mei reklamespots op sosjale media.

Sponsoaren en catering

It tekoart oan ynkomsten moat opfongen wurde mei sponsoaren en mei de opbringsten út de catering wei. Dêrom sjocht de organisaasje graach dat Jousters likegoed as minsken fan bûten wer nei it terrein komme.

Theo Nijholt fan de organisaasje hopet op goed 15- oant 20.000 besikers oer it hiele wykein: "It is ôfhinklik fan it waar, mar de minsken hawwe fansels wol fakânsje."

Aktiviteiten

Folkert Veenstra fan de fjildploech leit út wêrom't minsken komme moatte: "Fansels foar de ballonnen. Mar dêrneist binne der in soad oare dingen te dwaan, der stiet in feesttinte, der komt in poadium, der is de merke foar de bern, der binne foodtrucks en ferskate soarten bier. En de ballonnen fansels, dêr draait it eins om. Mar sels as dy net oerein komme soene, is der genôch te dwaan."

It is de bedoeling dat der eltse jûn 35 hjitteluchtballonnen de loft yn geane as it moai waar is. Fierder kin der yn in lizzende ballon omrûn wurde. Op sneon binne de brânwacht en de plysje ek oanwêzich, lykas SC Hearrenfean en in clown en ponny's foar de bern. Snein stiet it terrein fol mei oldtimers. En boppedat is der eltse dei live-muzyk op de Nutsbaan.

Theo Nijholt fan de sponsorkommisje en Folkert Veenstra fan de fjildploech

Nij bestjoer, nije koers

Yn jannewaris waard bekend dat de Friese Ballonfeesten in nij bestjoer krije soe, ûnder lieding fan Herman Kleinsmit. Hy wie 34 jier lyn de inisjatyfnimmer fan it barren. No is de ballonfarder werom yn de organisaasje.

Hy joech oan dat it finansjeel net hielendal goed rûn en dat der in soad op it lêste momint regele wurde moast. Ald-foarsitter Wiebe Jelsma stapte op en der kaam in nij en jonger bestjoer. En dêrmei hat it bestjoer dus ek in nije koers.

BallonRadio komt werom

Earder waard ek bekend dat BallonRadio werom komt. Oant 2007 wie der op de lokale omrop Oskar Radio liveferslach fan it omheech gean fan de ballonnen. Der wiene in soad minsken yn de omjouwing fan De Jouwer dy't foar de radio sieten.

Oskar bestiet hjoed-de-dei net mear, mar âld-meiwurkers wurkje no gear mei Radio Spannenburg. Dêr is BallonRadio alle dagen tusken 18.00 en 21.00 oere te hearren.

(advertinsje)
(advertinsje)