CDA freget om dúdlikheid oer gasproduksje op It Hearrenfean

16 jul 2019 - 17:26

It CDA op It Hearrenfean hat fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oer de gaswinning yn de gemeente. Oanlieding is de berjochtjouwing oer in hegere gasproduksje út de lytsere fjilden, ûnder oaren yn Noard-Nederlân.

It wingebiet by Langsweagen - Foto: Omrop Fryslân

It CDA seit him de ôfrûne tiid ynset te hawwen om de gaswinning troch winningsbedriuw Vermillion foar te kommen of te beheinen. Benammen it fjild Langsweagen stie de ôfrûne jierren bot yn de skynwerpers en soarge foar de nedige ûnrêst.

Uteinlik mocht Vermillion dêr, nei tuskenkomst fan de minister, trochgean mei de winning.

(Advertinsje)
(Advertinsje)