'Landmark' fan De Lemmer: skoarstien fan it Woudagemaal hast 100 jier

16 jul 2019 - 16:55

De ikoanyske skoarstien fan it Yr. D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer bestiet yn augustus 100 jier, en dus is it feest. Eins waard der yn 1917 al in skoarstien opmitsele. Mar yn de simmer fan 1918 makke in grutte stoarm in ein oan dizze earste skoarstien: fan de hege piip wie noch mar 30 meter oer. In iuw lyn koe dus pas de hjoeddeistige skoarstien oplevere wurde. Eartiids wie it allinne bedoeld foar de ôffier fan reek fan it stoomgemaal. Mar hjoed-de-dei wurdt de skoarstien ek sjoen as wichtich ûnderdiel fan de skyline fan De Lemmer.

De earste skoarstien fan it Yr. D.F. Woudagemaal yn 1918 - Foto: Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed

Neffens de minsken fan it Woudagemaal is de skoarstien in 'landmark, onderdeel van de skyline van Lemmer en een baken voor de scheepvaart.'

Op woansdei 7 augustus wurdt der dêrom wiidweidich stil by stien mei tal fan aktiviteiten foar ûnder oaren bern en amateurkeunstners. Ek is der in lêzing fan Pierre Geelen, soan fan de bouwer fan de skoarstien.

(advertinsje)
(advertinsje)