Restôffal Nijmeegse Vierdaagse wurdt duorsum ferwurke op It Hearrenfean

16 jul 2019 - 16:38

Offalferwurker Omrin sil al it restôffal fan de Nijmeegse Vierdaagse duorsum ferwurkje. Dat bart op Ekopark De Wierde op It Hearrenfean. It giet nei alle gedachten om in pear ton oan restôffal.

Foto: Omrop Fryslân

Omrin docht dat yn gearwurking mei Dar, it bedriuw dat it ôffal ynsammelet fan de regio Nijmegen. Troch de wize fan ynsammeljen ferwachtet Omrin mear restôffal te recyclen. De Nijmeegse Vierdaagse is tiisdei úteinset en duorret oant freed.

(advertinsje)
(advertinsje)