Nije plannen foar Aqua Plaza

03 jul 2012 - 10:49

De Fryske hotelûndernimmer Harry Westers wol it fertutearze swimbad Aqua Plaza op It Amelân ombouwe ta in welnesssintrum. Yn 1996 wiene der ek al plannen om fan it tropysk swimbad in kueroard te meitsjen, neidat der heilsum wetter yn de boaiem fûn wie.

Neidat it kompleks trije jier leech stie, kamen der yn 2006 wer plannen, mar ek dy kamen net fan de grûn. Westers is ek eigener fan hotel Noordsee ticht by it swimbad. Hy wol der ek hotelakkomodaasje by bouwe. De plannen fan Westers kostje mei-inoar tusken de 25 en 30 miljoen euro.

De ynvestearrings kinne net samar, want dêrfoar moat it Amelanner bestimmingsplan wol wizige wurde. De Amelanner VVV is entûsjast oer de plannen mei it Amelanner swimbad.

(Advertinsje)
(Advertinsje)