Resjerzje ûndersiket 'fertochte dea' fan persoan yn Ljouwerter wenning

16 jul 2019 - 18:00

Yn in wenning oan de prof. mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in stoflik omskot oantroffen. Om't it lichem ûnder fertochte omstannichheden oantroffen is, docht de forinsyske tsjinst fan de plysje ûndersyk. It soe gean om in âldere man. De plysje wol dat noch net befêstigje.

Foto: Nick den Boer / ProNews

Der wurdt op dit stuit ûndersyk dien nei de deade persoan. De plysje hat in forinsyske unit pleatst om de deadsoarsaak te efterheljen. Fanwege it ûndersyk is de buert ôfset.

Buertûndersyk

Njonken dat hâldt de plysje ek in buertûndersyk. As der ynformaasje is dy't minsken diele wolle, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by de Gerbrandywei

(advertinsje)
(advertinsje)