Selstraffen easke tsjin kokaïnehannelers Noardeast-Fryslân

16 jul 2019 - 16:13

It Iepenbier Ministearje fynt dat twa ynwenners fan Dokkum en ien fan De Westereen de finzenis yn moatte fanwege de hannel yn kokaïne. De manlju waarden yn febrewaris dit jier oppakt; se soene doe al sa'n trije jier kokaïne ferkocht hawwe en dêr ek flink mei fertsjinne hawwe.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De jongste fan de trije, in 24-jierrige Dokkumer, soe neffens it Iepenbier Ministearje twa jier de sel yn moatte, om't er al earder feroardiele is foar drugshannel. Foar de oare twa fertochten wol it Iepenbier Ministearje in straf fan 22 moannen sel oplizze.

Utspraak

De útspraak folget meikoarten. Der sil ek noch in proseduere tsjin de trije begûn wurde om it mei de kokaïnehannel fertsjinne jild ôf te pakken.

Trefwurden: 
plysje kokaïne drugs
(advertinsje)
(advertinsje)